Functiebeschrijving
Fakatuere by Semko • Taalplan Frysk 2030 • Underwiiscoach Frysk
Hasto romme ûnderfining yn it ûnderwiis en fynsto it moai om skoallen fierder te helpen sûnder sels foar de klasse te stean?
Dit is in funksje foar immen dy't ûnderwiis begrypt, minsken oanfielt en it Frysk op in natuerlike, praktyske en noflike manier fierder bringe wol.
Do wurkest selsstannich fanút hûs en giest op paad nei skoallen.
Do wurdst ynwurke en stiest yn kontakt mei de oare skoalstipers fan Semko.
Perfekte Fryske stavering is net nedich; goed kontakt meitsje yn it Frysk wol.
Ek asto mei pensjoen bist, nûgje wy dy fan herte út om te reagearjen.
Hasto romme ûnderfining yn it ûnderwiis en fynsto it moai om skoallen fierder te helpen sûnder sels foar de klasse te stean?
Foar Taalplan Frysk 2030 sykje wy in Skoalstiper Frysk. Net ien dy't komt te fertellen hoe't it moat, mar foaral ien dy't goed harkje kin, ferbining makket en skoallen helpt om stappen te setten dy't echt by harren passe.
Net as eat dat "der noch by" moat, mar as taal dy't libbet yn de skoalle, yn de klasse en yn de omjouwing fan bern. As skoalstiper helpsto skoallen om dêr op harren eigen manier mei oan 'e slach te gean.
As skoalstiper bist it fêste oansprekpunt foar in tal skoallen yn Fryslân. Do besikest skoallen, hast petearen mei direkteuren, learkrêften en taalkoördinatoaren en harkest goed nei wat der al is, wat der libbet en wêr't kânsen lizze.
Do slútst oan by de ûntwikkeling fan de skoalle. Fan dêrút tinkst mei oer passende stappen foar Frysk yn it ûnderwiis. Soms giet dat oer materialen, soms oer lessen, soms oer fisy, soms oer it nije kurrikulum en soms foaral oer entûsjasme en fertrouwen.
Do helpst skoallen om it Frysk net yngewikkelder te meitsjen as nedich is.
• harkje nei de fragen en winsken fan de skoalle
• oanslute by wêr't de skoalle al mei dwaande is
• ôfspraken en ûntwikkelingen fêstlizze yn in lochboek
Do wurdst ynwurke, ferdjippest dy yn de teory en wurkwize dy't heart by Taalplan Frysk 2030 en learst de tsjinsten, produkten en materialen kennen. Dêrnei giest selsstannich op paad nei skoallen.
Do wurkest fanút hûs en giest dêrwei op paad nei skoallen yn Fryslân. Dêrby sjogge wy nei wat past by dy, by de skoallen en by de opdracht binnen Taalplan Frysk 2030.
Do dielst dyn eigen wurk yn, plannest ôfspraken mei skoallen en hâldst kontakt oer de fuortgong. Do stiest yn ferbining mei de oare skoalstipers fan Semko, sadatst oerlizze kinst, ûnderfiningen diele kinst en tegearre leare kinst.
Do krigest yn oerlis in passend tal skoallen dêr'tsto it fêste oansprekpunt foar bist. Wy sjogge dêrby nei dyn oeren, ûnderfining, regio en wat helber is yn de praktyk.
Ien dy't begrypt hoe't skoallen wurkje en hoe wichtich it is om oan te sluten by de praktyk fan learkrêften en teams.
Do hoechst gjin hurde taalkundige te wêzen. Wat foar ús wichtiger is, is datst goed kontakt meitsje kinst, harkje kinst en minsken op in noflike manier yn beweging krijst.
Wy sykje by foarkar ien mei romme ûnderwiisûnderfining. Ien dy't net alles mear hoecht te ûntdekken, mar út ûnderfining, rêst en minskennis wei oanslute kin by skoallen. Ek asto mei pensjoen bist en graach belutsen bliuwe wolst by ûnderwiis, taal en ûntwikkeling, nûgje wy dy fan herte út om te reagearjen. Krekt dyn ûnderfining kin yn dizze funksje fan grutte wearde wêze. It tal oeren en de praktyske ynfolling stimme wy tegearre ôf.
Do praatst goed Frysk en fielst dy noflik genôch om petearen mei skoallen yn it Frysk te fieren. Perfekte stavering is net it útgongspunt; goed kontakt meitsje kinne yn it Frysk wol.
• nocht hat oan taal, ûnderwiis en ûntwikkeling
Do moatst oanfüle kinne wat in skoalle nedich hat, wannear'tst meitinke moatst, wannear'tst trochfreegje moatst en wannear'tst krekt efkes meibewege moatst.
Wy binne in enerzjike organisaasje dy't op allerhanne manieren aktyf is yn it ûnderwiis. Wy wurkje mei Werelddocenten, beheare ynfalpools, organisearje workshops, meitsje ûnderwiismaterialen en binne belutsen by Taalplan Frysk 2030.
By ús komme ûnderwiis, materialen, taal en wille byinoar. Wy hâlde fan oanpakken, meitinken en dingen meitsje dy't skoallen echt fierder helpe.
Do wurkest oan taal, identiteit en takomst. Watsto dochst, hat ynfloed op hoe't bern it Frysk belibje, brûke en meinimme yn harren ûntwikkeling.
Do wurkest net fanút in fêste kontrôlelist, mar fanút kontakt, fertrouwen en maatwurk. Krekt dêrom is it wichtich datst goed harkest, rêstich meitinke kinst en tegearre mei de skoalle sikest nei helbere stappen.
Do helpst skoallen net mei grutte wurden, mar mei lytse, helbere stappen. Troch goed te harkjen, kânsen te sjen en minsken mei wille mei te nimmen.
• kontakt en ôfstimming mei de oare skoalstipers fan Semko
• romte om dyn wurk fleksibel yn te dielen
• romte om de oeren passend te ferdielen
It salaris leit tusken €2.800 en €3.500 bruto yn 'e moanne op basis fan fulltime, ôfhinklik fan kennis en ûnderfining.
De start is yn oerlis, by foarkar nei de simmerfakânsje.
Wy binne foaral benijd wa'tsto bist, watsto meibringst en wêrom't dizze funksje by dy past.
Do kinst maile of belje mei Tjerkstra fia .
Wy sjogge leaver nei motivaasje, ûnderwiisûnderfining, persoanlikheid en potinsje as nei in perfekt cv.
Heb jij ruime ervaring in het onderwijs en vind je het mooi om scholen verder te helpen zonder zelf voor de klas te hoeven staan?
Voor Taalplan Frysk 2030 zoeken wij een Skoalstiper Frysk. Niet iemand die komt vertellen hoe het moet, maar vooral iemand die goed kan luisteren, verbinding maakt en scholen helpt om stappen te zetten die echt bij hen passen.
Het Frysk verdient een stevige plek in het onderwijs. Niet als iets wat "erbij" moet, maar als taal die leeft in de school, in de klas en in de omgeving van kinderen. Als skoalstiper help jij scholen om daar op hun eigen manier mee aan de slag te gaan.
Als skoalstiper ben jij het vaste aanspreekpunt voor een aantal scholen in Friesland. Je bezoekt scholen, voert gesprekken met directeuren, leerkrachten en taalcoördinatoren en luistert goed naar wat er al is, wat er leeft en waar kansen liggen.
Vanuit daar denk je mee over passende stappen rondom Frysk in het onderwijs. Soms gaat dat over materialen, soms over lessen, soms over visie, soms over het nieuwe curriculum en soms vooral over enthousiasme en vertrouwen.
• luisteren naar de vragen en wensen van de school
• afspraken en ontwikkelingen vastleggen in een logboek
• scholen stap voor stap in beweging brengen
Je wordt ingewerkt, verdiept je in de theorie en werkwijze die hoort bij Taalplan Frysk 2030 en leert de diensten, producten en materialen kennen.
Je werkt vanuit huis en gaat van daaruit op pad naar scholen in Friesland. Daarbij kijken we naar wat past bij jou, bij de scholen en bij de opdracht binnen Taalplan Frysk 2030.
Je deelt je eigen werk in, plant afspraken met scholen en houdt contact over de voortgang. Je staat in verbinding met de andere skoalstipers van Semko, zodat je kunt overleggen, ervaringen kunt delen en samen kunt blijven leren.
Je krijgt in overleg een passend aantal scholen waarvoor jij het vaste aanspreekpunt bent. We kijken daarbij naar jouw uren, ervaring, regio en wat haalbaar is in de praktijk.
Wij zoeken iemand met kennis van het onderwijs. Iemand die begrijpt hoe scholen werken en hoe belangrijk het is om aan te sluiten bij de praktijk van leerkrachten en teams.
Wat voor ons belangrijker is, is dat je goed contact kunt maken, kunt luisteren en mensen op een prettige manier in beweging krijgt.
Iemand die niet meer alles hoeft te ontdekken, maar vanuit ervaring, rust en mensenkennis kan aansluiten bij scholen. Ook als je met pensioen bent en graag betrokken wilt blijven bij onderwijs, taal en ontwikkeling, nodigen we je van harte uit om te reageren. Juist jouw ervaring kan in deze functie van grote waarde zijn.
Je spreekt goed Frysk en voelt je prettig genoeg om gesprekken met scholen in het Frysk te voeren. Perfecte spelling is niet het uitgangspunt; goed contact kunnen maken in het Frysk wel.
• plezier heeft in taal, onderwijs en ontwikkeling
Wij zijn een energieke organisatie die op allerlei manieren actief is in het onderwijs. We werken met Werelddocenten, beheren invalpools, organiseren workshops, maken onderwijsmaterialen en zijn betrokken bij Taalplan Frysk 2030.
Bij ons komen onderwijs, materialen, taal en plezier samen. We houden van aanpakken, meedenken en dingen maken die scholen echt verder helpen.
Wat jij doet, heeft invloed op hoe kinderen het Frysk beleven, gebruiken en meenemen in hun ontwikkeling.
Je werkt niet vanuit een vaste controlelijst, maar vanuit contact, vertrouwen en maatwerk. Juist daarom is het belangrijk dat je goed luistert, rustig kunt meedenken en samen met de school zoekt naar haalbare stappen.
Je helpt scholen niet met grote woorden, maar met kleine, haalbare stappen. Door goed te luisteren, kansen te zien en mensen met plezier mee te nemen.
• contact en afstemming met de andere skoalstipers van Semko
Het salaris ligt tussen €2.800 en €3.500 bruto per maand op basis van fulltime, afhankelijk van kennis en ervaring.
De start is in overleg, bij voorkeur na de zomervakantie.